Oenema siket sponsor

Thijsje Oenema (foto: Martin de Jong)
Reedrydster Thijsje Oenema siket in nije sponsor no't VPZ Assuradeuren nei goed tsien jier ophâldt mei sponsoring. De 21-jierrige rydster fan De Jouwer hat twa seizoenen foar VPZ riden. Troch it beslút fan VPZ is de takomst foar Oenema en oare reedriders ûnwis.
Oenema makke dit jier har Olympyske debút op de Spelen yn Vancouver. Op 'e 500 meter einige se as 15e. Foar ein april hopet se in nije sponsor te finen, mar konkreet is der noch neat.