Belangstelling foar Ter Heide

25 mrt 2010 - 10:15

It is net wis oft SC_Cambuuroanfaller Ruud_ter_Heide takom jier noch yn Ljouwert fuotballet. Yn binnen- en bûtenlân is der belangstelling foar de spits, dy't op dit stuit ferhierd wurdt oan FC Emmen. It kontrakt fan de spits rint noch in jier troch, mar direkteur Alex Pama slút net út dat er fan 't simmer ferkocht wurdt.

De takomst fan Ter Heide hinget ek ôf fan Mark de Vries. It kontrakt fan de topskutter rint nei dit jier ôf, mar Cambuur soe dat graach ferlinge wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)