'Keapje gjin kloonde auto'

De plysje warskôget foar autodieven dy't kloonde auto's ferkeapje. Stellen auto krije dan falske kentekenplaten en kentekenbewizen en de dieven feroarje it chassisnûmer. De stellen auto is dêrtroch hast hielendal gelyk oan in auto dy't noch gewoan omriidt. De dieven biede de kloonde auto's oan op ynternet en regelje de oerdracht op in parkearplak.
Twa ynwenners fan Fryslân binne op dy wize koartlyn by de poat naam en tûzenen euro's kwytrekke.