Agint meisleept troch motor

De plysje hat woansdei in 18-jierrige ynwenner fan Hallum oanhâlden fanwege ferkearsoertredings en besykjen ta deaslach. De man ried hiel hurd op in crossmotor fan Marrum nei Hallum. De plysje woe him oansprekke, mar hy naaide út. In agint pakte de man fêst en waard meisleept.
De motorrider hat himsels dyselde jûn meld op it plysjeburo. Hy is fêstset en syn motor is yn beslach nommen.