Noarden yn aksje yn Brussel

24 mrt 2010 - 22:32
  • Foto: webside Europeeske Uny

De trije noardlike provinsjes binne yn Brussel om te lobbyen foar projekten. De presintaasje fan Fryslân, Grinslân en Drinte is by de Europarlementariërs yn Brussel goed ûntfongen. Se sjogge wol deeglik kânsen foar de projekten dêr't it Noarden op ynstekke wol. It giet om spearpunten lykas sûn âld wurde, ynnovative projekten yn 'e lânbou en wettertechnology.

It Noarden hopet mei de lobby jild út de subsydzjepot te krijen dy't yn 2012 ferdield wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)