Mooglik opfanghûs yn Ljouwert

Kees van Anken fan Zienn
Oan de Hoekstersingel yn Ljouwert komt miskien in opfanghûs foar minsken dy't ûnder begelieding wenje moatte. De ynstelling ZIENN foar Dak- en Thúsleazen en de gemeente ûndersykje op dit stuit de mooglikheden. Tongersdei is der in gearkomste dêr't de wykbewenners fan de Blommebuert fragen stelle kinne.
It giet hjir dus net om in opfang foar Dak- en Thúsleazen of drugsferslaafden, mar om in Sosjaal Pension dat begjin 2011 klear wêze moat.