Burgumer fan deaslach fertocht

24 mrt 2010 - 13:56

It iepenbier ministearje wol de 62-jierrige Burgumer dy't freedtejûn oanhâlden waard op fertinking fan belutsenheid by de dea fan syn partner 14 dagen langer fêsthâlde. Tongersdei wurdt de fertochte foarlaat oan de rjochter-kommissaris. De Burgumer wurdt deaslach as lêst foarlein.

De 57-jierrige Femmy de Leeuw waard freedtejûn dea fûn yn har wenning oan de Yp. Omdat sawol de man as it slachtoffer bloed oan de holle hiene, waard de man oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)