Swimbaden keare lêstposten

Mei yngong fan 1 maaie wurkje sawat alle swimbaden yn Noard-Nederlân gear om ferfelende swimmers te kearen út de swimbaden. Wa't him yn it iene swimbad misdraacht en letter nochris yn it oare, kin in tagongsferbod krije foar alle 65 swimbaden, dy't meidogge oan de nije ôfspraken.
It giet om minsken dy't foar earnstige oerlêst soargje yn it swimbad. De swimbaden hawwe ôfspraken makke oer de gedrachsregels en wannear't de plysje warskôge wurdt.