Automobilist rydt 210 km op A7
In man út Grins is tiisdeitejûn op de A7 tusken It Hearrenfean en De Gordyk betrape wylst er 210 kilometer yn de oere ried. De 21-jierrige automobilist hie net yn de gaten dat er in motorplysjeman achter him oanried.
De plysje hat him in proses-ferbaal jûn en syn rydbewiis ynnaam.