Libregts definityf nei It Fean

24 mrt 2010 - 10:48

Sportklup Hearrenfean is derút mei de nije assistint-trainer. Raymond Libregts wurdt foar twa jier beneamd as rjochterhân fan de nije haadtrainer Ron Jans. Se wurkje ek mei-elkoar by FC Grins. Doe't Jans nei It Hearrenfean helle waard, wie it al de bedoeling om ek Libregts nei It Fean te heljen.

Libregts komt út Rotterdam, is 45 jier en hat earder fuotballe by ûnder oare PSV. As trainer hat er wurke by RBC Roosendaal en Go-Ahead Eagles.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)