Froulju stelle tas fol klean

Twa froulju fan 22 út Burgum en Ljouwert binne tiisdei oanhâlden omdat se in tas fol klean stellen hiene. Tsjûgen seagen dat de beide froulju de tas ferstoppen yn in bulte snoei-ôffal by in flat oan de Pastoriekamp yn Burgum. Se sochten de tas op en bliken die dat dy fol klean siet.
De plysje koe de froulju even letter oanhâlde. De klean wiene stellen út ferskillende kleanwinkels yn Burgum.