Pony deariden by Langsweagen

By Langsweagen is tiisdeitejûn in pony deariden. It bist wie mei oare hynders útbrutsen út in stik lân oan it Lange Ein en rûn op 'e dyk. In 19-jierrige automobilist besocht de bisten noch te ontwiken, mar koe in oanriding mei de pony net foarkomme.
De pony oerlibbe de botsing net. De auto fan de man rekke swier skansearre. De 48-jierrige eigner fan de pony is op de hichte brocht.