Wurk oan brêge Wergea los

De Kooistrabrêge moat beweechber bliuwe, fynt Wergea
Woansdeitemoarn wurdt de Kooistrabrêge yn Wergea útinoar helle foar reparaasje. Ynwenners fan Wergea dogge sels it herstelwurk, omdat de gemeente Boarnsterhim dêr gjin jild foar hat.
De brêge moat opknapt wurde om't in kontragewicht nei ûnderen komme kin. Mei in kraan wurdt de ballastbak woansdei fan 't plak helle, sadat it boppewurk fan de brêge fernijd wurde kin. De gemeente woe de brêge net mear draaie litte om sa kosten te besparjen, mar dat wol Wergea net.