Akkoart priisferheging Cambuur

Sponsors en sakeklupleden fan Sportklup Cambuur geane hast allegearre akkoart mei de priisferheging dy't de klup har opleit. De saaklike partners fan de betelle fuotbalklup moatte tusken de 10 en 50 prosint mear betelje foar harren tribuneplakken.
Cambuur wol sa de delgong yn de begrutting kompensearje. De klup giet fan in begrutting fan 4,4 miljoen nei 3,9 miljoen euro ta, in delgong fan 500.000 euro.