Winst Jong H'fean yn Nijmegen

Jong Hearrenfean/Emmen stiet nei de 3-2 oerwinning yn Nijmegen op jong NEC wer yn it linker rychje. Yn de earste helte kaam de ploech fan Johnny Jansen troch Samir Fazli op foarsprong. Rutger Worm soarge foar de 1-1 by it skoft. Yn de twadde helte wie jong Hearrenfean de bettere ploech en kaam op in 3-1 foarsprong troch Pawel Wojciechowski en Luciano Narsingh.
Nei de reade kaart fan Johnny de Vries (twa kear giel) foel de 2-3 fan Bastian Weiser.