Kritysk rapport 'Dronryp'

Rapport kritysk (foto: Jaring Rispens)
De befolking moat flugger warskôge wurde by grutskalige ynsidinten, sa as ferline jier yn Dronryp. Dêr ûntsnapte yn novimber in wolk salpetersoer by in suvelfabryk. Dat skriuwt de brânwacht yn in evaluaasjerapport nei oanlieding fan it ynsidint yn Dronryp.
De skea foel úteinlik ta, mar boargemaster Gerrie van Delft joech dêrnei opdracht om de helpferliening te evaluearjen. Dêrút docht bliken dat foaral as it om kommunikaasje giet in tal saken ferbettere wurde moat.