OV-bedriuwen skoare goed

It busferfier dat de ferfiersbedriuwen Arriva en TCR-Flylân fersoargje op de Fryske Waadeilannen stiet op nûmer ien yn de OV-klantebarometer 2010. It ferfier skoart in 8,5 op service. Ek de treinferbinings fan Arriva tusken Ljouwert-Harns en Ljouwert-Starum skoare heech. Foaral de frekwinsje fan de treinen binne reizgers kontent oer.
It ferfier fan Connexxion yn Ljouwert skoart in 7,3, sawat lykas fan Qbuzz yn de Súdeasthoeke en Connexxion yn Noard- en Súdwest-Fryslân.