Mear ûndersyk Burgumer moard
Kommende tongersdei moat dúdlik wurde wêr't de Burgumer, fan wa't de frou freed dea fûn waard, fan beskuldige wurdt. Tiisdei oardiele de rjochtbank dat de 62-jierrige man rjochtmjittich yn foararrest sit.
Freed waard yn in wenning oan de Yp yn Burgum it lichem fan Femmy de Leeuw (57) fûn. Har partner waard oanhâlden op fertinking fan moard. Oft dat terjochte is, moat tongersdei blike. Neffens de rjochtbank yn Ljouwert moat earst mear ûndersyk dien wurde.