Hurdriders Drachten op 'e bon
Yn Drachten binne moandei flink wat boetes útdield foar te hurd riden. De plysje hie klachten krigen en kontrolearre dêrom op trije plakken. Dat wie yn de Gauke Boelenstrjitte, op de Lange Weste en op de Postlaan.
Mei-elkoar waarden 3300 auto's kontrolearre. Goed 370 auto's rieden te hurd.