Ynbrekker naait út

In man hat moandeitenacht besocht yn te brekken yn in hûs oan de Dillenburgstraat yn Snits. De bewenners fan it hûs waarden wekker fan it leven dat de ynbrekker makke. Se giene fan 't bêd en seagen de man stean. Dy naaide doe gau út.
De bewenner fan it hûs gie der noch wol efteroan, mar koe him net mear efterhelje. De plysje hat letter ek noch socht, mar koe net ien mear fine.