Auto yn 't paad by brân

De plysje docht ûndersyk nei in brân yn in hûs oan de Kievitstraat yn Drachten. Moandeitejûn bruts troch ûnbekende oarsaak brân út op de ûnderste ferdjipping. De brânwacht koe mar dreech yn de buert fan it hûs komme, omdat der in auto yn it paad stie. Uteinlik slagge it de brânwacht om it fjoer út te meitsjen.
Oer de krekte skea is noch neat bekend. Der wiene gjin minsken yn it hûs. De technyske resjerzje ûndersiket de saak fierder.