Frijwilligers sette podden oer

Podden yn amers, sa wurde se de dyk oerset
De podden, kikkerts en salamanders binne wer op 'en paad. Se lûke nei it wetter ta en dat bestjut dat se ek oer de dyk moatte en dat is gefaarlik. Sa binne der de ôfrûne dagen mear as fiifhûndert podden, kikkerts en salamanders deariden op de Poostweg by Beetstersweach.
Frijwilligers dogge der fan alles oan om dat foar te kommen. Sa is der in skerm mei in lingte fan 300 meter delset om de bisten tsjin te hâlden en oer de dyk te setten.