Deade fûgels op Flylân

22 mrt 2010 - 19:32

Op Flylân en Teksel spiele sûnt in pear dagen deade seefûgels oan, dy't hielendal ûnder in plakkerige substânsje sitte. It giet benammen om alken, seekoeten en noardske stoarmfûgels. It NIOZ, it Nederlânsk ynstitút foar seeûndersyk, warskôget minsken om de kadavers net oan te reitsjen.

Ek moat foarkaam wurde dat hûnen der oankomme. It NIOZ sil de kommende dagen ûndersykje om hokker stof it no krekt giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)