Grutte oarder foar Micronclean

22 mrt 2010 - 18:36

Waskerij Micronclean út Boalsert hat in grutte oarder binnenhelle foar syn spesjalistyske waskerij. Foar de fiif priveekliniken fan Bergman Clinics sil it bedriuw 400 stiks klean leverje, mar ek skjinmeitsje. Dat bart op sa'n wize dat der gjin baktearjes en firussen mear op sitte kinne.

Troch hieltyd strangere regels yn it sikehûs ferwachtet it bedriuw noch mear fan dy oarders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)