Sporters Sportgala bekend

Amazone Nathalie van der Mei is ek nominearre
Deputearre Schokker en wethâlder Buwalda fan Hearrenfean ha moandei de nominearre sporters fan it earste Fryske Sportgala bekend makke. By dy ôftraap yn it Abe Lenstra stadion gong ek de webside www.sportgalafryslan.nl de loft yn. Dêr kin oant 12 april stimd wurde op fiif kategoryen: sportman, sportfrou, sportploech, sporttalint en sporter mei beheining fan it jier 2009.
Op 15 april wurde de Fryske sportprizen op It Hearrenfean útrikt.