TBS Awa mei 2 jier ferlingd

It gerjochtshôf yn Arnhim hat de TBS-behanneling fan Awa moandei mei 2 jier ferlingd. Yn augustus 2004 oergeat Awa (doe 16) syn freondinne mei terpentine en stuts har yn 'e brân, omdat hy tocht dat sy in oar hie. Hy skreau dêr in rap oer en sette dy op ynternet.
Awa is feroardiele ta oardel jier sel mei tbs en twangferpleging. In jier letter gie er yn heger berop, mar krige doe deselde straf. Moandei hat de rjochter de TBS ferlingd, omdat hy fynt dat Awa net útbehannele is.