Visser krijt earste aai Skylge
It earste ljipaai fan Skylge is moandeitemiddei oanbean oan boargemaster Jurrit Visser. It aai waard ôfrûne freedtemiddei fûn troch de 51-jierrige Steven Klijn fan West-Skylge.
Klijn fûn it aai tusken Baaidunen en kamping De Kooi. It is de fyfde kear dat Klijn it earste ljipaai fan Skylge fynt, mar de lêste kear wie wol twintich jier lyn.