Earste Amelanner aaike fûn

22 mrt 2010 - 14:10

Jan Brouwer fan Bueren hat freed it earste ljipaai fan It Amelân fûn. Brouwer fûn it aai yn in stik lân yn De Miede tusken Nes en Bueren. It aai is oanbean oan wethâlder Nico Oud.

Brouwer fûn yn 2000 en 2006 ek al it earste ljipaai fan it eilân. Hy wie dit jier krekt op 'e tiid, want fiif minuten neidat Brouwer syn fynst trochjûn hie, fûn Gerardus van Leeuwen fan Hollum in nêst mei twa aaien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)