CU:soargen oer koarbegelieding

22 mrt 2010 - 13:54

De steatefraksje fan de ChristenUnie hat fragen steld oer de subsydzjepot koarbegelieding. Neffens de fraksje is de pot foar dit jier no al leech. De ChristenUnie fynt dat in frjemde saak.

Koaren dogge in berop op de subsydzje om solisten yn te hieren. Neffens de fraksje doocht de regeling net omdat koaren dy't yn de twadde helte fan it jier in konsert ha, gjin kâns mear meitsje omdat it jild op is. De wize fan it tawizen fan de subsydzjes moat dêrom feroare wurde, sa fynt de partij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)