It Amelân hat in nij kolleezje

22 mrt 2010 - 13:45

It CDA en Ameland'82 foarmje it nije koleezje fan It Amelân. Dêrmei is de PvdA bûten de boat fallen. De PvdA woe ek graach yn it kolleezje en in wethâlder diele mei ien fan de oare fraksjes, mar dy woene dat net.

Listlûkers Nico Oud fan it CDA en Will Bakema fan Ameland '82 wurde de nije wethâlders. Harren sit yn de ried wurde ynnaam troch Jeroen de Jong en Jeppe Groenewold. De beide fraksjes hawwe seis fan de alve sitten yn de ried.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)