Proefopstelling op Ofslútdyk

22 mrt 2010 - 13:27

It meitsjen fan elektrisiteit op 'e Fryske kant fan de Ofslútdyk is in stap tichterby. De fergunnings foar in proefopstelling binne oanfrege. Mei dy opstelling kin elektrisiteit makke wurde troch swiet en sâlt wetter mei-inoar yn kontakt te brengen. Der binne ek plannen foar in folsleine sintrale.

Der stiet al in proefopstelling by Frisia Sâlt yn Harns. Dêr wurdt wurke mei sâlt wetter fan it sâltfabryk. En dêr moat de Ofslútdyk dus as lokaasje bykomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)