Utslach seksje noch ûndúdlik

22 mrt 2010 - 11:54
  • De frou waard yn dizze wente dea oantroffen

Der komt moandei noch gjin dúdlikheid oer de oarsaak fan 'e dea fan Femmy de Leeuw út Burgum. De frou waard sneon ûnder fertochte omstannichheden yn har hûs fûn. De útslach fan de earste seksje wie net dúdlik genôch en makket it neier ûndersyk nedich.

Har freon, dy't fertocht wurdt fan belutsenheid by de dea fan 'e frou, wurdt tiisdei foarlaat oan de rjochter-kommissaris en offisier fan justysje. Dan wurdt besletten oft hy noch langer fêsthâlden wurde moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)