Fiorentina wol Beerens helje

22 mrt 2010 - 11:39
  • Italiaanske belangstelling foar Roy Beerens

De Italiaanske fuotbalklup Fiorentina hat ynteresse yn Hearrenfean-spiler Roy Beerens. Dat meldt de Italiaanske regionale krante La Nazione út Florence. Neffens de krante hat Fiorentina al trije miljoen euro bean, mar wol Hearrenfean fiif miljoen hawwe.

De 22-jierrige rjochteroanfaller spilet no trije jier foar Hearrenfean. Beerens ferlingde hast in jier lyn syn kontrakt by Hearrenfean oant en mei de simmer fan 2013.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)