Twa nominaasjes Eden Award

22 mrt 2010 - 10:32

Twa toeristyske bestimmingen yn Fryslân meitsje kâns op de Eden Award. Dit is de duorsumheidspriis dy't troch de Europeeske Kommisje ynsteld is. Der kamen in soad ynstjoerings binnen, wêrfan fiif nominearre binne. Derby sitte de promoasje fan Fryslân as grutste wettersportgebiet fan West-Europa en it Lauwersmargebiet.

Oare nominearren binne De Biesbosch, de Weerribben en Teksel. De award wurdt op 22 april yn Zoetermeer útrikt. De winner krijt 25.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)