Drankrider rekket hast plysje

22 mrt 2010 - 09:25

In drankrider (73) fan Easterwâlde is sneintemiddei oanhâlden foar in poging ta deaslach en it trochriden nei it feroarsaakjen fan in ûngelok. De man botste tusken Donderen en Norg tsjin in auto en wie dernei trochriden.

Plysjeminsken seagen de man yn Easterwâlde riden en joegen him in stopteken. De man ried troch en rekke hast in plysjeman. Dy koe krekt op tiid oan kant springe. De drankrider koe klemriden wurde en waard oanhâlden. Hy moast it rydbewiis ôfjaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)