Ferlies De Jouwer fan Treffers

21 mrt 2010 - 16:11

Sneinshaadklasser De Jouwer hat snein op 'e Jouwer mei 1-0 ferlern fan koprinner De Treffers út Groesbeek. Yn de earste helte waard der net skoard en wie De Treffers de bettere ploech.

Yn de twadde helte kaam de ploech út Groesbeek op in 1-0 foarsprong. De Jouwer krige noch wol kânsen, mar yn de stân kaam gjin feroaring mear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)