Trije man oppakt nei klappen
De plysje hat sneontenacht yn Ljouwert trije manlju oppakt. In 24-jierrige ynwenner fan Grins waard oppakt foar mishanneling. Hy hie in 20-jierrige Ljouwerter slein. In man fan 21 jier út Gouda bemoeide him dermei en misledige in plysje.
In 22-jierrige man út Stiens besocht om de oanhâlding fan syn broer út Grins foar te kommen. Alle trije fertochten waarden oerbrocht nei it buro.