Nachtlike besite oan swimbad

21 mrt 2010 - 15:38

Trije Drachtsters fan 17 jier en ien fan 18 binne oanhâlden omdat se midden yn de nacht yn it swimbad oan de Reidingwei wiene. Troch in flater wiene de elektroanyske tagongsdoarren fan it swimbad net goed ôfsletten.

De jongeren stiene foar de doarren doe't dy ynienen iepen giene. Doe't de plysje der oan kaam, wiene de jongeren krekt dwaande mei it meitsjen fan in ijsko. Se moasten alle fjouwer mei nei it buro. Nei in goed petear en in boete mochten se nei hûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)