Damwâldster mei pistoal oppakt

De plysje hat sneontemiddei yn in wenning oan de Welle yn Twizelerheide in Damwâldster (57) oanholden foar wapenbesit. De meldkeamer krige de melding dat der yn de wenning sketten wie mei in alarmpistoal. Doe't de plysje der kaam, woe in tal minsken oanjefte dwaan fan bedriging.
It die bliken dat de Damwâldster mei it pistoal sketten hie. Hy moast nei it buro en hat proses-ferbaal krigen. Dêrnei mocht er wer nei hûs. It wapen en de munysje binne yn beslach nommen.