Wüst sakket nei twadde plak

Ireen Wüst: twadde op de 1500 meter
Ireen Wüst is har liedende posysje by it WK reedriden op Thialf kwytrekke. Wüst waard snein op de 1500 meter twadde yn 1.56,86. Se rekke it earste plak yn it tuskenklassemint kwyt oan Kristina Groves fan Kanada, dy't de 1500 meter wûn yn 1.56,64.
Martina Sablikova waard tredde yn 1.57,23. Sy stiet op it tredde plak yn it tuskenklassemint. Elma de Vries kaam op de 1500 meter net fierder as it 21ste plak. Se stiet no 17de yn it tuskenklassemint en rydt gjin 5 km.