Nije ynstruminten Con Spirito

21 mrt 2010 - 14:13
  • Leden fan Con Spirito besykje de nije ynstruminten út

De Jouster showband Con Spirito hat sneon nije muzykynstruminten krigen. Mei de nije ynstruminten hoopje se wer oansluting te finen by de Nederlânske top.

Mei-inoar giet om 32 nije ynstruminten, in ynvestearring fan sa'n 55.000 euro. It Jouster korps is der tige wiis mei en hat grutte plannen foar de takomst. De âlde ynstruminten fan it korps wiene yn trochsneed al mear as 20 jier âld en wiene oan ferfanging ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)