Wurdearring foar brief biskop

It brief fan biskop De Korte fan bisdom Grins-Ljouwert oer seksueel misbrûk fan bern troch geestliken, is snein foarlêzen yn de mis fan 'e katolike tsjerken yn Fryslân.
De Korte wol dat de ûndersykskommisje ûnder lieding fan âld-minister Deetman de ûnderste stien boppe krijt. Dat bern yn it ferline misbrûkt binne troch fertsjintwurdigers fan 'e katolike tsjerke, ropt by De Korte en ek de oare biskoppen yn Nederlân in gefoel fan plakferfangende skamte op.