Sykaksje nei fermiste frou

21 mrt 2010 - 12:02

Der hat sneontenacht in grutte sykaksje west nei in fermiste frou út Aldegea Wymbrits. De frou (44) wie freed ûntslein út it sikehûs. Dêr wie se opnommen neidat se ôfrûne woansdei slim ûnderkuolle werom fûn waard by rekreaasjeterrein De Potten yn Snits.

Sneon wie de frou op 'e nij fermist. Der is yn Aldegea mei in speurhûn en dûkers nei har socht. De dûkers waarden ynset omdat klean en de fyts fan de frou by it wetter oantroffen wiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)