Feiling keunst foar kij

21 mrt 2010 - 11:24

Yn Amsterdam wurde snein skilderijn feild om jild by elkoar te krijen foar de opfang fan 41 âlde kij yn Sânhuzen. Yn it kowerêsthûs fersoarget Bert Hollander kij dy't ôfdankt binne. Hy krijt dêrfoar gjin jild of subsydzje en dêrom wurdt snein it wurk fan ferskate keunstners feild.

It giet om skilderijen fan kij. De opbringst giet folslein nei it kowerêsthûs. Op de feiling geane wurken fan ûnder oare Peter Klashorst en Viola Holt ûnder de hammer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)