Asbest yn Tsjummearum

21 mrt 2010 - 11:20
  • De gemeente liet sneintemoarn in brief besoargje oer it asbest-gefaar

Troch de brân sneontejûn yn in wenbuorkerij yn Tsjummearum, is yn in part fan it doarp asbest telâne kaam. De buorkerij baarnde folslein út. Yn it dak siet asbest.

Ferspraat oer it doarp leit asbest. In spesjalisearre bedriuw sil dat de kommende dagen opromje. Yn in brief fan 'e gemeente Frjentsjerteradiel oan de bewenners fan Tsjummearum stiet dat de omwenjenden it asbest foaral net sels opromje moatte. Minsken moatte it gewoan lizze litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)