GrienLinks komt op foar otter

02 apr 2012 - 11:15
  • Otter

GrienLinks fynt dat de otter yn Fryslân behâlden wurde moat. Tsien jier ferlyn waard it bist útset om sa in nije populaasje yn Nederlân te krijen.

Stichting Das en Boom en it Otterstation melden ferline wike dat it bist op 'e nij mei útstjerren bedrige wurdt. GrienLinks fynt dat der alles oan dien wurde moat om foar te kommen dat it safier komt. Sy wolle it rapport fan Das en Boom beprate yn provinsjale steaten.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)