Ferlies LDODK yn krúsfinale

LDODK ferlear sneontejûn de earste wedstriid fan de krúsfinale tsjin DVO út Bennekom. De kuorballers út Terwispel en De Gordyk, ferline wike kampioen fan de haadklasse A wurden, begongen noch wol goed tsjin de nûmer twa fan de oare haadklasse.
Nei in 4-0 foarsprong kaam DVO better yn de wedstriid en gong it by LDODK hieltyd stroefer. Healwei wie it 11-10 foar DVO, de einstân waard 24-20 foar de ploech út Bennekom. Woansdei moat LDODK de útwedstriid beslist winne.