Dollison wint yn Dokkum

De startlokaasje fan de Bonifatiusloop by de Bonifatiusboarne
In wike nei de Mereloop yn Grou hat Merwin Dollison fan Winsum ek de Bonifatiusloop yn Dokkum op syn namme skreaun. It ferskil op de heale maraton wie 13 tellen op nûmer twa Peter Bruinsma fan Nijverdal.
Troch de hurde wyn kaam der net in al te bêste tiid op de klokken. De winnende tiid wie 1.15.07. By de froulju wûn Mariska Kramer út Drachten yn 1.19.29. Twadde waard Yvonne Kassenberg fan Burgum yn 1.27.32. Inge van Schaick út Ljouwert waard tredde.