Kuck ferslacht Kramer op 1500m

Sven op syn parsekonferinsje nei de 1500 meter
De jonge Amerikaan Jonathan Kuck hat sneon de lieding nommen by it WK reedriden yn Thialf. Kuck wûn de 1500 meter yn 1.45,36 yn in direkt duel mei Sven Kramer. Dy waard fjirde op de 1500 meter yn 1.46,83.
Yn it tuskenklassemint stiet Kramer no twadde. Hy moat snein op de ôfslutende 10 kilometer fiif tellen goedmeitsje op Kuck. Dat is op himsels gjin ûnmooglike opjefte. Ivan Skobrev skeakele himsels út troch lêste te wurden op de 1500 meter.