Elma de Vries 9de op 500 meter

20 mrt 2010 - 14:41
  • Elma de Vries

Jekaterina Sjichova hat sneon by de wrâldkampioenskippen reedriden yn Thialf de 500 meter fûn. De Russin lei de 500 meter ôf yn 38,83 tellen. Lobysjeva waard twadde yn 39,15 en Erbanova fan Tsjechië tredde yn 39,31.

Ireen Wüst wie de bêste Nederlânske. Har 39,54 wie goed foar it sechde plak. Elma de Vries waard njoggende yn 40.17. Regearend wrâldkampioene Martina Sablikova waard alfde mei 40,25. De froulju ride letter op de dei de 3 kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)